Tredde generaasje
Bern fan Doekle Hylkes


III.2 HYLKJEN DOEKLES

berne om 1710 hinne - stoarn foar 1771
doopt as mennist 28-1-1746 De Knipe
x foar 1742 Tymen Hendriks, skuonmakker yn 'e Knipe
berne om 1710 hinne yn Oldemarkt - stoarn nei 1802 yn Ouddorp, Goeree
soan fan Hendrik Pieters en Jantje Jans

Út dit houlik: 1. Hylke, as mennist doopt 1771, stoarn 1803 De Knipe, x Aaltje Wolters; neikommelingen neame har HYLKEMA 2. Jantje, as mennist doopt 1771, yn 1779 nei Ouddorp, Goeree, dêr stoarn 20-1-1809 3. Hendrik, menniste learaar Oosterend, Texel en Ouddorp, Goeree, dêr stoarn 28-10-1798


III.3 GERRIT DOEKLES, boer te Pepergea

berne om 1710 hinne - stoarn 1778 Pepergea
doopt as mennist 1734 Wolvegea
x Antje Siegers, voor 1731

Út dit houlik: 1. Lolkje (1734), troud 16-5-1756 Wolvegea Wybe Frankes, boer yn Aldeberkeap 2. Sieger (1778 lidmaat Steggerdea)

Yn 1734 fan Aldskoat as lidmaat nei Wolvegea c.a., WSW 154-134 136-261
Út it lidmateboek fan Pepergea:

III.4 FETJE DOEKLES

berne om 1725 hinne - 17-12-1814 Tsjalbert
x Hans Jans, boer yn Tsjalbert

Út dit houlik: 1. Jan (1747, doopt yn 1754) 2. Doekeltje (1754) 3. Hotse (1756) 4. Lamkien (1759) 5. Hylke (1761)

Yn de stjerakte fan Fetsje stiet: "oud ongeveer honderd jaren, weduwe van Hans Bokkes (?!), wonende te Tjalleberd, waarvan de comparanten in hunne kwaliteit als diakenen de verzorgers van hare behoeften waren."
Mar of dat wol wier is? Dan krige se fier yn de 40 noch fjouwer fan har fiif bern. Se sil út it twadde houlik fan har heit wêze, har dochter wurdt ek nei Lamkje Einskes ferneamd. Dat makket har tsien jier jonger as de misken tochten.